Nieuws - Efkes werom sjen nei de ABD-sjoo??

Foar de ien fielt it as juster en foar de oar al wat langer lyn, mar foar elkenien bekend: de ABD-sjoo. Fan 2001 oant 2004 wie de ABD-sjoo in fêst skoaltelefyzjeprogramma by Omrop Fryslân. Omrop Fryslân hat no dy programma’s út it stof helle en op de webside Weromrop.frl setten.
Ek de útstjoering fan De Paadwizer út skoallejier 2004-2005 sit dêr by. Dizze útstjoering fine jimme fia de folgjende link: http://www.weromrop.nl/frl/utsjoering/abd-sjoo-0406

Miskien is it aardich om de útstjoering te dielen mei oare âld-learlingen of de masters en juffen fan dy klasse. Wa wit sjogge jimme ek noch mooglikheid om it fierder bekend te meitsjen. It soe yn elts gefal foar de bern sels miskien leuk wêze dat sy it nochris weromsjen kinne.

Geplaatst op: 07 Februari 2017

terug